Alde leafde
Vrijdag 2 mei 2008
Dit is it ferhaal fan it jonkje Keimpe, dat opgroeit op in pleats yn it súdeasten fan Fryslân. Underdûkers helpe syn heit yn it wurk en ein 1944 krijt ek Floorke, in joadske frou, in feilich ûnderdak. Sy wit de fleur dêryn te hâlden op de pleats. Yn de fyfde roman fan Henk de Haan liket it der op dat de hiele famylje feilich troch de oarloch komt. Mar dan bart der in freeslik drama.
Henk de Haan debutearre tige súksesfol mei De nacht fan de stroffelstienen. Ek syn oare romans Marije, De lapkepoep en Skaad fan de draak krigen in entûsjast ûnthaal.

