Joppe
Sneon 16 febrewaris 2007
Joppe Boppe! Earste roman fan Hein Jaap Hilarides is út
Op sneon 16 febrewaris ferskynde Joppe, de roman fan Hein Jaap Hilarides. Haadpersoan Joppe bringt syn ferfangende tsjinsttiid troch op it gemeentehûs yn Raarendt yn Noard-Fryslân as miljeu-amtner. Droechkomysk beskriuwt Hein Jaap Hilarides yn syn debútroman de sfear op it gemeentehûs, de kantoarrituelen, papierwinkel en miljeukontrôles, mar fral ek de erotyk. Hy hâldt der twa freondinnen op nei, mar beide kinne him eins net echt boeie. Syn frijbliuwende libbentsje krijt ynienen in oare diminsje as er Terpsi moetet, in politike flechtlinge út Afrika.
Hein Jaap Hilarides (1969, Sint Jabik) debutearre yn 2000 mei de dichtbondel Tersk. Mei Tsjead Bruinja wie er de gearstaller fan Dream yn blauwe reinjas/ Droom in blauwe regenjas (2004), de suksesfolle blomlêzing mei jonge Fryske dichters. As pianist en tekstdichter fan Biltse teksten spilet er yn de Rebound Boogie Bent. De earste cd fan de band is Taai as Bildtse klaai.
De rige Fryske modernen:
Joppe ferskynt yn de rige Fryske Modernen. Dizze rige biedt in poadium oan nije Fryske skriuwers. It Fonds van de Letteren, it Nederlands Literair Productie- en Vertalingenfonds, it Aksjeplan Kultuerberik en de Provinsje Fryslân stypje dit inisjatyf fan de Stichting It Fryske Boek, Skriuwersboun, Afûk/Utjouwerij Fryslân en Friese Pers Boekerij.

