Feestlike presentaasje dichtersdebuten
Ljouwert, freed 8 febrewaris 2008
Twa jonge dichters, Grytsje Schaaf en Hidde Boersma hawwe op freed 8 febrewaris 2008 mei har debútbondels in ferpletterjende yndruk makke op de presintaasje yn VDGH (Voorheen de gemeente) yn Ljouwert. Sa’n hûndert minsken – wêrûnder in soad jonge fans – seagen nei optredens fan Hidde en Grytsje, Cornelis van der Wal, dj Auck Boersma en Henry de Kunstfluiter.
Tongersdeitejûn 14 febrewaris is yn de K-rûte (it kulturele programma fan Omrop Fryslân) in ympresje fan dizze presintaasje te sjen.
De twa bondels, Sûnder sweltsjes fan Grytsje Schaaf en De rop om Doede fan Hidde Boersma, iepenje de nije poëzyrige fan de Friese Pers Boekerij, bedoeld om jong talint oan it skriuwen te krijen.
Letter dit jier ferskine yn dizze rige ek noch:
Wa’t tate seit moat ek whisky sizze (mei in DVD mei filmkes) fan Sytse Jansma en Fragmint fan Jan Kleefstra. It leit yn ’e bedoeling om alle jierren fjouwer dichtbondels fan jonge dichters út te jaan.
