Wa't tate seit moat ek whisky sizze
Sneon 13 april 2008
it earste multymediale poëzyprojekt yn Fryslân!
Wa’t tate seit moat ek whisky sizze fan Sytse Jansma:
Sytse Jansma fan Harns debutearret mei Wa’t tate seit moat ek whisky sizze, in dichtbondel en in dvd mei filmkes (animaasje) en muzyk dy’t naadleas oanslute by syn gedichten op papier.
Net fys fan it eksperimint makket de dichter in reis yn biten en brokken fan de jungle nei it hjoed: in ferlerne freondinne en it libben yn in havenstêd. Guon fan de films binne fertoand op it Noordelijk Filmfestival 2007. De muzyk op de dvd is fan Hein Jaap Hilarides.
Wa’t tate seit moat ek whisky sizze is ien fan de alsidichste en nijsgjirrichste poëzydebuten fan de ôfrûne jierren.

